IN BEELD
De jûn fan Fryslân. 15 maart is de Jûn foar Fryslân yn Sans Souci Berltsum. In jûn mei nijsgjirrige gasten wêryn it tema "Wenje en Wille yn Fryslân" sintraal stean sil. De yntree is fergees en ek ride der bussen nei it evenemint dy't dy op mear as tsien plakken yn de provinsje oppikke kinne.
Gasten lykas Sylvana IJsselmuiden(Dumpert), Eduard Rekker (de Fryske Flogger) en Jan Feikema (Veenhoop Festival) sille de jûn tegearre mei minsken dy't opkomme foar Fryske tradysjes (karbydsjitte, fersierde weinen, Lammetsymet ensafh.) en FNPers Sijbe Knol en AJ Soepboer ynklaaie. Ek is der muzyk fan Johannes Rypma en de JakeDogs. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan net ien minder as Willem Waldpyk!
Twitter