FNP op besite by AH Dokkum

"Wurkbesite Albert Heijn Dokkum"


FNP bringt wurkbesite oan de Albert Heijn

Foarige wike wie de FNP fraksje fan de gemeente Noardeast-Fryslân te gast by ûndernimmer Nanne van der Schaaf yn Dokkum.

Tegearre mei in entûsjast team runt hy de supermerk op de Hogedijken yn Dokkum, neist it standert assortimint is der ek in grut ferskaat oan regio produkten te finen. De oanlieding fan dizze besite is de nei op te stellen fyzje oangeande de detailhannel, supermerkten en de horeca. De FNP wol, om ta in fundearre fyzje te kommen, yn de kunde komme mei ûndernimmers om harren ferhaal te kinnen leare. Dat van der Schaaf in ûndernimmer is mei in eigen fyzje docht wol bliken út ûnder oare syn beslút om net mei te dwaan oan de sneins iepening. "Dokkum moat bliid wêze mei sokke ûndernimmers, hja jouwe de stêd kleur en fersterkje har funksje as regiostêd", benadrukt FNP Fraksjefoarsitter Bert Koonstra.


 
   


2019 FNP Fryslân - Disclaimer