Soarch hat mear minsken nedich

De FNP Dongeradiel hat in wurkbesite brocht oan Soarchsintrum de Skûle yn Mitselwier.

Dit soarchsintrum makket diel út fan  de Kwadrantgroep. Alle soarten fan soarch wurde oanbean.Neist 1 persoansapparteminten binne der 2 persoans, útfanhûs keamers,tydlike romte's en ek oanleunwenten. Koartsein, in grut ferskaat oan mooglikheden en dat makket de Skûle ta in aktyf en multyfunksjoneel sintrum.  Njonken antwurd op tal fan fragen waard  ek in rûnlieding troch it sintrum dien. Sa krige men de kâns om mei ferskate bewenners even in praatsje te hâlden. De Skûle makket ek de omslach fan âldereinhûs nei in Soarchsintrum . It gebou is eigendom fan Thús Wonen . Ek waard noch even it punt fan persoanielsgebrek oanstippe. Dat spilet ek yn ús regio en de Skûle docht der alles oan om minsken foar wurk yn de soarch te ynteressearjen.  Dizze sektor is in enoarme groeimerke. Yn'e takomst mei de tanimmende fergrizing en de omslach nei mear ferpleechtehûs en noch mear soarch bliuwt der grut ferlet fan minsken dy't yn de soarch wurkje wolle. Ek kaam noch oan'e oarder de kontakten dy't der binne mei de gemeente en oare organisaasjes,sa as de húsdokters,Thús Wenjen en de thús en buurtsoarch en it gebietsteam. It sinjaal ta goede kommunikaasje en goede ôfstemming en goede foarljochting ek mei it each op de kommende fergrizing kaam dúdlik oer.  Al mei al in nuttige besite  en foar elk wie it wol dúdlik dat  in organisaasje as de Skûle mei al de bewenners ek net sûnder it  grut tal frijwilligers kin. Mei it personiel bin hja mei inoar de basis  foar de bewenners om de Skûle ta in echt thús te meitsjen.

 

 




2019 FNP Fryslân - Disclaimer