Myn namme is Pytsje de Graaf, ik bin berne op de Lytse Jouwer, troud mei Harke, wy hawwe 2 soannen, 2 skoandochters en de leafste beppesizzers (4) fan de wrâld. Wy wenje al wer 38 jier yn Ternaard. Sûnt 2002 draai ik mei yn de polityk, earst as riedslid, dêrnei as wethâlder yn de gemeente Dongeradiel en no fanôf 1 jannewaris fan de gemeente Noardeast-Fryslân. No't de nije gemeente in heal jier lang in feit is moat ik sizze wat hawwe wy in prachtige komplete gemeente! Alles is der, in stêd en 52 doarpen, romte en beamtegrien, wetter en strân, Terpen en Diken, ferdivedaasje en wurkgelegenheid, en fansels ús moaie Waadgebiet. Der is yn dit healjier al wer in hiel soad bard.
Ek op it mêd fan Kultuer koenen wy ús hert ophelje, konserten, iepenloftspullen, folle net genôch. Kultuer is de drager foar de Mienskip, kultuer ferbynt en makket de leefberheid. Kultuer is fan en foar ús allegear. Dêr wol ik my graach foar ynsette . Foaral om elkenien yn de kunde komme te litten mei kultuer en harren eigen talenten te ûntdekken. Dêrom fyn ik it ek wichtich dat de bern op skoalle mei muzyk yn oanrekking komme. Benei alle skoallen dogge mei oan Mear muzyk yn de klasse. As Ambassadeur fan Mear muzyk yn de klasse bin ik dêr tige wiis mei.
Ik bin ek al in soad moaie projekten foarby kaam, lykas Sense of Place en it nije besikersintrum yn Hegebeintum en net te ferjitten de takomstplannen fan ferskate sportferienings. Wat in krêft en enerzjy sit der yn ús mienskip.
Ik bin der tige grutsk op dat ik wethâlder fan sa'n gemeente wêze mei.