NIJS   12-07-2019


Bert Koonstra

"Bert Koonstra"

Myn namme is Bert Koonstra.

 

43 jier lyn bin ik berne op it Goddeloas Tolhûs ûnder Broeksterwâld, hjoeddedei is dat de Falom. Ik bin heit fan trije bern en de man fan Sijtske. As soan fan in wâldman en in klaaiklút kin ik ús gemeente as gjin oar. Yn myn deistich libben ha ik in soad ûnderfining opdien as ûndernimmer yn it bedriuwslibben en by de oerheid.

 

In jier as wat lyn hat myn idealisme my der ta dreaun de polityk yn te gean. Sûnt 2014 bin ik riedslid, earst yn Kollumerlân en no as de earste FNP fraksjelieder fan Noardeast-Fryslân. Ik bin dan ek in grutsk man dat ik dizze fraksje liede mei. Wy ha in prachtich ferskaat oan minsken dy't allegear mei harren eigen passy, profesjonaliteit, ekspertise en oertsjûging ús fraksje foarm en kleur jouwe.

 

Myn kompetinsjes en fyzje wol ik ynsette om fan Noardeast-Fryslân in sterk gebiet te meitsjen. "Net te benaud, net te lyts tinke, mar foar bêst opslaan!" Dat is myn motto!
Ien fan de spearpunten wêr't ik my de oankommende tiid mei dwaande hâlde sil is de portefûlje ekonomy. Myn fyzje is dat de sektor rekreaasje en toerisme de oankommende 15 jier wolris de grutste banemotor fan Noardeast wurde kin. Ynsette op duorsume en ekologyske rekreaasje past goed yn ús omjouwing.

 

Hjirmei slút ik de foarstelrige fan ús fraksje ôf. Mar dit is natuerlik noch mar it begjin. Hâld ús mar yn de gaten, wy binne oeral te finen: yn de rie, op wurkbesite, yn de doarpen en wiken, op de sosjale media en fansels wykliks live te folgjen op RTVNOF

 

O, ja net ferjitte, ús wethâlder Pytsje de Graaf stelt har oare wike ek noch oan jimme foar!

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer