Hooooooii,
Efkes in momint om my oan jimme foar te stellen.
Myn namme is Lisette Akkerman, ik bin 36 maitiden jong en ik wenje, tegearre mei myn freon Gerard, ús kat en ús hûn, yn Ferwert. De hûn mei fansels graach rinne en dus bin ik faak grutte blokken mei him om. It leafst lâns de seedyk, sa meitsje ik in soad meters en genietsje ik elke dei fan de prachtige floara en fauna dy't hjirre te finen is.
Ik bin wurksum yn 'e útfeartsoarch en haw derneist in koachings- en trainingsbedriuw yn duorsume ynsetberens en fitaliteit. Dat hâldt koartwei yn dat ik minsken en bedriuwen advisearje en begelied op it mêd fan in sûne wurk- en libbensomjouwing. Dit alles slút dan ek moai oan by de ûnderwerpen die ik yn 'e portefúlje ha: sport, sûnens, sosjaal domein en it bioferskaat.
Sûnt 2014 sit ik yn 'e rie foar de FNP, earst yn Ferwerderadiel en no sûnt 1 jannewaris dit jier yn Noardeast Fryslân. Ik fyn it prachtich en ha der in soad nocht oan om my de kommende jierren hjir foar yn te setten.