Fedde Breeuwsma, troud mei Rinnie. Heit fan trije dochters en pake fan fiif leave pakesizzers. Wy genietsje folop fan al ús bern en bernsbern en passe dan ek graach op de pjutten. Ik wenje mei in soad nocht en wille yn ús prachtige stêd Dokkum mar bin opgroeid yn it wetterrike Grou. Fan berop bin ik feilichheidskundige en ARBO adviseur. Ik hâld my dwaande mei de feiligens en wurkbelesting fan wurknimmers en it tapassen fan de ARBO wetjouwing.
Mei in ûnderbrekking fan acht jier ha ik no sa'n tweintich jier dwaande west mei riedswurk. Dat doch ik mei in geweldich soad nocht. It hâld my sprekwurdlik aardich fan de dyk, mei de klam op sprekwurdlik want jûns bin ik gauris op in paad. Lokkich wurket Rinnie ek benammen jûns, yn de sûnenssoarch, dan misse wy elkoar net te faak.
De sûnenssoarch mar ek it de rest fan it sosjaal domein hat altyd myn bysûndere oandacht hân. Faak giet it oer "de swakkeren yn ús midden," neffens my in tige wichtige groep. Foar my stiet dan ek foarop dat elkenien meidwaan kin yn ús gemeente, partisipaasje is de smaroalje fan it minsklik bestean. In hiele útdaging, mar wol in tige nijsgjirrigen ien, is dat ik my hjoeddedei ek dwaande hâld mei finansjes. Ik sjoch dan ek út nei de kommende jierren as diel fan ús nije FNP fraksje.