Ha Goeie,
Myn namme is Hanneke Jouta en ik wenje tegearre mei myn man Willem Hazewindus en ús trije bern, Egbert, Sietse en Lutske, yn Ferwert oan'e râne fan it doarp. Wy ha in bedriuw yn brânhout mar ferkeapje ek barrelsauna's en hottubs. Fan hûs út bin ik opgroeid mei de Fryske taal en kultuer en sadwaande ek by de FNP telâne kaam. Yn de perioade 2006 oant 2014 ha ik diel útmakke fan de gemeenteried yn Ferwerderadiel. Earst as opposysje partij en letter, as twadde partij, makken wy diel út fan it kolleezje. En no fansels yn ús nije (grutte) gemeente Noardeast Fryslân.
As riedslid fyn ik it myn taak om foar de ynwenners nei it algemien belang te sjen. Yn ús fraksje ha wy de portefúljes ferdielt en ik ha û.o. wenjen. Okkerdeis ha wy in moasje yntsjinne oer de saneamde ‘konkrete marktvraag'. Wy sjogge dat der benammen yn 'e doarpen ferlet is fan wenten. De jongerein dy't graach yn it doarp wenjen bliuwe wol moat dêr de kâns ek ta ha. It is wichtich dat it goed wenjen en wurkjen is en bliuwt yn ús prachtige nije gemeente Noardeast-Fryslân. Wy as FNP binne grutsk op dizze gemeente en sille ús dêr sa goed as mooglik foar ynsette.