27 novimber 2021 stelde de ledegearkomste unanym fêst dat Aant Jelle Soepboer listlûker wêze sil foar de FNP Noardeast-Fryslân yn de kommende gemeenteriedsferkiezings fan maart 2022.
Soepboer is in fertroud gesicht yn de gemeentlike polityk as sittend riedslid foar de FNP dy't mei in soad foarkarsstimmen binnenkaam en ûnder oare de fersierde weinen it libben rêde.
Soepboer is 32 jier, wennet yn Nijewier en is yn it deistich libben ûnderwiisadviseur Frysk en Meartaligens. Dêrneist is hy muzikant en skriuwer fan de skiednisboekerige Vet Oud!
"It is tiid foar minsken dy't witte wat der spilet yn de regio, dy't it plattelânslibben begripe en omearmje, minsken mei de bonken yn ‘e klaai dy't it ferskil meitsje kinne as it der op oan komt.
Gjin holle wurden as ‘Nieuw leiderschap' mar gewoan dwaan, betrouber wêze en mei in rjochte rêch troch it libben gean."
#THÚS