De FNP Noardeast Fryslân kriget m.y.f 1 septimber in betûft en erfaren riedslid yn har midden. Trochdat Lisette Akkerman de rie ferlit nimt Lolke Folkertsma har plak yn.
Folkertsma wie earder riedslid yn Dongeradiel. De ôfrûne jierren hat hy him dwaande hâlden mei tal fan organisaasjes. Sa as Het Dokkumer Stadsfonds, Steunfonds Noard East Fryslân en de A S Talma stichting.
De spoedsoarch Sionsberg koe troch syn koordinearjende rol, finansjeel in tige sûne start meitsje. De gemeente Noardeast Fryslân, Steunfonds Noard East ( foarhinne steunfonds Sionsberg ) en de Talmastichting haw royaal de spoedsoarch mooglik makke.
Folkertsma fielt it wer as in útdaging en in grutte ferantwurdlikheid om as riedslid de belangen fan de ynwenners fan de gemeente te behertigjen.
"Hy stiet en giet derfoar"