NIJS   29-06-2021


Lisette Akkerman ferlit de polityk

 

 

 

Gemeenteriedslid Lisette Akkerman fan de FNP hâldt per 1 septimber 2021 op as lid fan de gemeenteried fan de gemeente Noardeast Fryslân.

 

Lisette hat fan ôf 2014 aktyf west yn de gemeentlike polityk, earst yn de gemeente Ferwerderadiel en sûnt 2019 foar de nije gemeente Noardeast Fryslân.

 

Fraksjefoarsitter Bert Koonstra fynt it tige spitich dat Lisette der mei op hâldt, mar hat begryp en respekt foar har beslút. It Sosjaal Domein, Sport en it Bioferskaat wie yn goeie hannen by Lisette, wy tankje har dan ek foar har ynset en ynbring, en wy winskje Lisette fierder alle goeds en sukses ta.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer