Wethâlder Pytsje de Graaf (FNP Noardeast-Fryslân) sit sûnt twa wiken siik thús. Sa't it der op dit stuit útsjocht sil frou de Graaf net binnen in pear wiken wêrom wêze kinne. Dêrom ha wy besletten in tydlike ferfanger foar te dragen, de Gemeentewet jout dêrta de romte.
"Sjoen de oankommende finansjele opjeften en ombûgingen die op koarte termyn op gemeente Noardeast-Fryslân ôfkomme" wol de fraksje FNP neffens fraksjefoarsitter Bert Koonstra net te lang wachtsje mei it oanstellen fan in ferfanger. Ommers, de FNP wol as koälysjepartij har ferantwurdlikens foar de folle 100% nimme". "Wol yn in koälysje sitte mar gjin beslissingen binnen it kolleezje nimme kinne, wurket yn ús eagen net".
De fraksje FNP presintearret riedslid Fedde Breeuwsma (63 jier) as tydlik ferfangend wethâlder. Breeuwsma wie yn it deistich libben Feiligensadviseur en hat in goeie 16 jier as riedslid yn respektyflik de gemeente Dongeradiel en Noardeast-Fryslân fungearre.
"Mei Fedde Breeuwsma krije wy tydlik in hiele betûfte bestjoerder mei grutte politike ûnderfining dy't sa by it kolleezje oanskowe kin" sa beklammet in ferromme Koonstra.
By it earstfolgjende Beslút op woansdei 12 maaie 2021 sil Breeuwsma foardroegen wurde.