NIJS   03-10-2018


Bauke van der Heide ferstoarn

Bauke van der Heide: filosoof fan de klaai

index

Mear as 30 jier wie hy fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeente Ferwerderadiel. Bauke van der Heide wie in markant persoan: hy wie ien fan de fêste wearden yn de ried fan Ferwerderadiel. De earste jierren foarme hy in ienmansfraksje, mar fan 2006 ôf feroare dat, doe krige de FNP in twadde sit yn de ried. Fjouwer jier letter, yn 2010 de FNP die it poerbêst mei de ferkiezingen en mocht foar it earst yn de skiednis in wethâlder leverje foar it nij te foarmjen kolleezje fan B & W. Yn 2014 koe de FNP dit súkses herhelje, en dus makket de FNP ek dizze riedsperioade diel út fan it kolleezje.

 

Foar Van der Heide moast dat wol even wenne: fan opposysjepartij nei koalysjepartij is in hiele feroaring. Hy beskikte oer in grut ferskaat oan kennis oer de meast útienrinnende saken, en liet dat yn de riedsgearkomsten ek dúdlik merke. As spesjalismen hold Van der Heide him benammen dwaande mei romtlike oardening, ferkear, keunst en kultuer.

Yn earsten hie Van der Heide grutte muoite mei it fenomeen weryndieling, mar doe't hy seach hokker grutte útdagingen Ferwerderadiel te wachtsjen stiene, waard it him dúdlik dat syn lytse gemeente it mei de tiid net mear oprêde soe, en stimde ek hy yn mei de weryndieling yn de Noardeast hoeke fan Fryslân.

Van der Heide wie in filosoof fan de klaai: hy moast neat hawwe fan megalomane projekten en glêde praters. Syn krêft wie dat hy ticht by de minsken stie, en opkaam foar harren belangen. Sûnt 1982 hat dizze ikoanyske FNP-er him ynset foar de befolking fan Ferwerderadiel. Besieling en in goed gefoel foar humor  wiene kenmerkend foar syn optredens yn de ried en dêr bûten.

 

It lêste jier wie net maklik foar dizze minske-man: hy wie slim siik en ferlear koartby in dierber famyljelid. Mar hy hold de kop der foar: "At it heal kin wol ik al nei de lêste riedsgearkomst fan Ferwerderadiel yn desimber" sei hy twa wiken lyn noch.

It hat net sa wêze mocht, freedtemiddei is hy ferstoarn. Bauke van der Heide is 77 jier âld wurden. Yn de gemeenteried sil hy opfolge wurde troch Marco Kramer fan Hallum.

 

Yn Memoriam Bauke van der Heide

https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/buro-de-vries-fan-11-novimber-2018-1100



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer