NIJS   20-12-2021


BLAUWE KONTENERS FOAREARST FAN TAFEL!

 

It hong de ferienings lang as in falbile boppe de nekke, it trochfieren fan de blauwe kontener en dêrmei oerstallich meitsjen fan it sammeljen fan âld papier.

In wichtige sosjale aktiviteit yn ús mienskip wêrmei't in soad ferienings krekt genôch ynkomsten genereare om de holle boppe wetter te hâlden.

De wethâlder seit ta mei in nij foarstel komme te sillen.

Wy gean der fan út dat dêryn de troch de FNP oandroegen opsjes goed meinommen wurde, dat fertsjinje al dy tsjerken, doarpen en doarpshûzen, hafabra en ferienings dy't harren soargen dield ha yn talleaze brieven!

Ek oare partijen wiene fan miening dat it stik breder moast.

Tank foar jimme stipe S!N, VVD, PvdA, AL, BVNL en GB!



Tags: Algemien, Ferkiezings, Kultuer, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer