NIJS   13-09-2021


Gjin gegriem yn ús grûn!

Tsjek hjir de hiele speech fan juster!



"Gjin gegriem yn ús grûn!" (Aant Jelle Soepboer)

 

Strieminne middei poerbêste minsken!

Ik hie wol goemiddei sizze kinnen mar dat is it gewoanwei net. It is in strie, strieminne middei. Want hjir stean wy wer, foar de safolste kear. Mei in geweldige grutte kloft minsken. Mar ha jo it idee dat jo sjoen wurde? Ha jo it idee dat jo heard wurde? Ha jo it idee dat jo serieus naam wurde?

NEE! Ik ek net! Wy stean hjir foar bline eagen en wy roppe oan dôve earen.

Petysjes, sjenswizen, advizen; it jout allegear gjin donder!

Ik wit noch dat ik lûdop lake ha doe't ik hearde dat "gaswinning onder de waddenzee voorlopig van de baan is." Yn guon kampen wie it efkes joechei mar djip fan binnen wisten wy it allegear wol.....Djip yn ús herten wisten wy wol dat der yn êfterútsealtsjes yn De Haach koartseftich socht waard om ûnder de winsk fan de Twadde Keamer út te kommen, of de regels sa te ploaien dat gaswinning legitym wie. Mei in wet yn de hân dy't oarspronklik út de tiid fan de Frânske oerhearsking stamt, de tiid fan Loadewyk Napoleon, het konijn van Nederland. In wet wêrby't De Haach by de fernijing fan dy wetjouwing yn 200 jier tiid nea tocht hat om de ynspraak fan ynwenners en lokale oerheden dochs ris goed te regeljen. Bêste minsken ik wit net wat slimmer is. Dit soarte strapatsen optwongen krije troch Frânsk frjemdfolk of troch ús eigen regear yn De Haach.

Doe't nei jierren fan gaswinning, ierdbevings, skuorrende huzen en fersakjende diken yn Grinslân de kraan tichter draaid waard seagen wy it swurk al driuwen. Fryslân soe folgje, hoe dan ek. Mar ik ha de broek der sa stadichoan wol fol fan om wingewest te wêzen.

Want dat, in wingewest, wiene wy lang.

Dat, in wingewest, binne wy hjoed.

En bêste minsken. Dat, in wingewest, sille wy altyd bliuwe yn de eagen fan ús sintrale regear wêr't mar ien ding hearsket en dat is it jild, de mammon!

Wy binne it hinterland wêr't it gas wei helle wurdt en it oerskot fan de Rânestêd hinne stjoerd wurdt. De opstelling fan De Haach ûnderminet ús lokale en regionale demokrasy en dat komt my de noas út. Gemeenterie en provinsjale steaten stean der by en sjogge der nei. Dy dogge mei foar spek en beane krekt as alle lobbyklups dy't hjir hjoed binne en alle minsken dy't hjir wenje. Jim stean hjir, ik sei it niiskrekt al, foar bline eagen en jim roppe oan dôve earen

 Wy wolle it hjir net! Mar wy krije it hjir dochs en it ienige wat ús iepenlitten wurdt is dat wy mei wat spegeltsjes en kraaltsjes in omjouwingproses ynjage wurde. 60 miljoen foar de leefberens wylst ús prachtige Waadsee nei de bliksem holpen wurdt. Fjochtsje foar it klimaat, de boarger op kosten jeie mei griene inisjativen, de diken opheegje mar ûndertusken nei gas boarjen bliuwe en de boaiem fersakje litte yn ien fan de meast kwetsbere gebieten op ierde. Us fiskers, dy't ien binne mei de Waadsee, dy't har bôle der mei fertsjinje moatte, wurde troch wet- en regeljouwing ferdreaun om't hja de boaiem skea oanbringe soene, mar dyselde boaiem mei grouwélige yndustriële masinery en gemyske stoffen nei de soademiter helpe is gjin probleem? Om noch mar te swijen oer de potinsjele skea foar ús boeren.

Dit kin je dochs net mei drûge eagen ferkeapje? It is beskamsum.

Mar it is moai dat hjir hjoed in stik as wat keamerleden binne want wy hawwe in boadskip oan jim. Mei wat mûnlinge of skriftlike fragen, flechtige moasjes en oare rânesaken komme wy der net. Gean hinne, gean werom nei De Haach en doch wat jimme dwaan moatte. Pas no einlik ris de mynbouwet écht oan. Jou ynwenners en lokale oerheden wat te sizzen oer wat der ûnder har eigen fuotten bart. Lit de omjouwing swier meitelle as betinkst.

Lit ús baas wêze op eigen boaiem.

Oant dy tiid: de fjoeroanstekker ûnder it ûntwerp ynstimmingsbeslút en ynlûke dy fergunning.

En foar de dames en hearen keamerleden: ik wit net oft jimme it Frysk machtich binne mar ik soargje efkes dat it yn it Hollânsk nei jimme ta komt sadat jimme tot op de letter sekuer begripe wat wy bedoele. No mar oan it wurk!

En GJIN GEGRIEM YN ÚS GRÛN!



Tags: Algemien, Enerzjy en duorsumens, Ferkiezings, Gas- en saltboarings, Klimaatferoaring, Miljeu, Natuer en lanskip, Polityk Den Haach, Waadsee

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer