Doe't de fraksje fan de FNP Noardeast-Fryslân oankaam by it haadkantoar fan Holwerd aan Zee lei in tekken fan seedampen oer de greiden hinne. Ien kear yn petear mei Marco Verbeek (HaZ) en Richard Rintjema (Masterplan Holwert) ferdwûnen de seedampen en bruts in sintsje troch.
Mei fjoer en faasje waarden wy bypraat oer de stân fan saken fan Holwerd aan Zee en wat wy al wisten waard mar wer ris beklamme en oanfolle: Holwert is folop yn ûntwikkeling! Holwert liket it skoalfoarbyld fan hoe't krimp om te setten is yn kânsen. Moai dat Holwert net allinne mar in passantendoarp is om fan en nei it Amelân te kommen mar ynset op koarte en langere ferbliuwen yn it doarp sels. Der wurdt neitocht oer oernachtingsmooglikheden, mooglikheden foar ûndernimmers en lânskiplike ynpasberens sadat de toerist optimaal genietsje kin fan ús regio wylst de regio dêr sels ek maksimaal fan profitearret.
De doarpsbewenners lykje posityf oer it projekt Holwerd aan Zee mar meitsje har grutte soargen oer de krapte op de wentemerk. In probleem wêr't fansels folle mear doarpen mei te krijen ha. De FNP wol it lûd fan ûnderop graach stimulearje en is bliid om te sjen dat sa'n soad doarpen mei sokke moaie plannen komme. Yn it gefal fan Holwert is dat it Masterplan, konkrete wenplannen basearre op direkte input fan de mienskip, in enkête mei grutte respons! Aldere minsken wolle graach yn eigen doarp, en wêr mooglik op eigen hiem, wenjen bliuwe. Jongerein wol graach mooglikheid ha om yn eigen doarp te begjinnen as starter. Dêr passe ek soarch en oare sosjale foarsjennings by. It bekende fraachstik wêr't it masterplan konkrete antwurden op hat.
Doe ‘t wy nei ôfrin nei bûten rûnen skynde de sinne heech boppe de seedyk út, wy hoopje fan herten dat ús gemeente ek dit ljocht sjocht en yn ‘e mande mei ús doarpen bouwe wol nei aard, skaal en karakter. De FNP sil him dêr fansels, sa as jimme fan ús went binne, hurd foar meitsjen bliuwe!