NIJS   19-04-2021


IHP TROCHREKKEN DEBAT 08-04-2021

 

Wy prate hjoed oer de trochberekkening fan it IHP dat, ôfhinklik fan de boukosten, rûn de 55 miljoen kostje moat en by folsleine útfiering resultearje sil yn in ferdûbeling fan de kapitaallesten ûnderwiis fan 2 nei 4 miljoen, struktureel per jier. Dat is in slompe jild, al hielendal yn it skaad fan de kosten fan it kapitaalguodbehear, de finansjele gekoanstekkerij fan it ryk en allerhanne ûnwissichheden al dan net besibbe oan Koroana.

 

Fan de ried wurdt frege om nochris 'kaderstellend' oer dit IHP te debattearjen op basis fan dizze trochberekkening, dy't op 'e nij dúdlik makket dat it IHP net in soad mear is as in rom opset fyzjestik, of in ynventarisaasje fan winsken fan skoalbestjoeren, it is mar krekt hoe oft je it besjen wolle. Dit debat moatte wy net allinnich fiere oer it IHP, mar yn de breedte omdat it ympakt hat op de folsleine finansjele situaasje fan de gemeente. No moat ik my as ûnderwiisman weagje oan finânsjes en ha dêrom it boek "Boekhâlde foar dummys" kocht en troch west. It wichtichste neffens it foarneamde boek: oersjoch ha en hâlde yn de finansjele posysje fan it bedriuw. Yn dit gefal de gemeente. Is dat oersjoch der wol west en is dat oersjoch der no wol freegje ik my efkes lûdop ôf.

 

De finansjele posysje fan de gemeente liket net al te bêst. En wêrom is dat sa? As leek boekhâlder ûnderskied ik in oantal problemen:

 

It earste probleem is it Ryk. Guon saken hat it ryk by ús oer it sket mikt dy't foar tekoarten soargje en oan de oare kant wurde wy ek nochris koarte troch itselde ryk op bygelyks it gemeentefûns. Wat de FNP oanbelanget smite wy de rekken dy't dêr it gefolch fan is werom it sket oer. Gelokkich makket it kolleezje him hjir op dit stuit ek hurd foar troch oan te sluten en mei te dwaan by de Raden in Verzet.

 

It twadde probleem is it net genôch foarútsjen fan de gemeente, je ha fansels mar 4 jier om moaie prestizjeuze dingen te dwaan. Sa is der bygelyks nea sparre wurden foar de ûnderwiisopjefte dy't wy no foar de kiezzen hawwe. In man sei ea "in gemeente wurdt net priizge om har sparboekje mar om har foarsjennings" De man hie fansels gelyk salang't in tekoart op it sparboekje net direkt in negatyf effekt op dyselde foarsjennings hat. En dat driget no wol.

 

Us oplossing: it sparboekje as de bliksem wer op oarder sjen te krijen. Besunigje wêr't it kin en sin hat, op guon grutte projekten, en soargje dat der oare wizen fûn wurde om as gemeente jild te fertsjinjen. Dêrta ha wy in oantal konkrete foarstellen dy't wy letter by de PPN fierder útljochtsje sille, it giet hjoed ommers oer it IHP

 

Dan it IHP sels. Foar de helte fan de kosten soarget it skoalpark Dokkum. 25 miljoen foar it fuortset ûnderwiis en 4.4 miljoen foar de nijbou fan de Burgerskoalle. Dêr moat neffens de FNP fraksje dochs in slach te slaan wêze. Ja fansels binne der gebouwen dy't oan ferfanging ta binne, ik ha der sels op skoalle sitten en doe wie it al in soadsje. Mar dat hoecht neffens de FNP fraksje al mei al gjin 30 miljoen te kostjen as wy hjir mei in iepen blik yn geane.

 

Dan foarsitter binne der guon skoallen dy't faaks ekonomysk ôfskreaun binne, dat wol sizze se steane 40 jier, mar dy't mei in lytse modernisearringsslach noch wol 20 jier meikinne. Yn plak fan nijbou foar bygelyks 1.8 miljoen soe men ek sizze kinne "smyt der trije ton tsjinoan en soargje dat de skoalle by de tiid holpen wurdt." Sa bliuwe guon moaie âlde skoallen op wichtige plakken as edukative monuminten oerein sûnder har funksjonaliteit te ferliezen.

 

Ta einbeslút sil der hjir en dêr troch fúzjes fan skoallen mei inoar en mei sosjale foarsjennings wat besparre wurde kinne en kinne der guon skoalgebouwen yn de ferkeap (of foar bewenning geskikt makke wurde), hjir moatte wy ek nei sjen mar wol betinke dat dit om marzjinale bedraggen giet op it grutte gehiel. Dêrneist moat neffens de fraksje FNP allinnich fusearre wurde wêr't de winsk droegen wurdt.

 

De FNP is foar goed en berikber ûnderwiis wêrfan't de húsfêsting ús plicht is. Dêr wolle wy net foar fuortrinne ek al is dat yn it ferline faaks wol bart. Ek wolle wy it net útstelle om it ûnderwerp te meitsjen fan de oansteande ferkiezings, dêr is it te delikaat foar. Wy moatte no wrange fruchten plôkje en troch guon soere apels hinne bite om letter it lekkere fruit rispje te kinnen.

 

Kaders:
- ekonomysk ôfskreaun is gjin reden foar nijbou: wêr mooglik by de tiid bringe, alhielendal by de lytsere skoallen, alhielendal by de skoallen dy't foar de 10/6e regeling yn oanmerking komme.
- krapte en groeimooglikheden kinne wol reden foar nijbou wêze, men moat dan lykwols goed foarútsjen om Kollumske tafrielen foar te kommen. Fleksibel bouwe, maklik op en ôfskale kinne is winsklik.
- Klustering fan skoallen wêr mooglik en winsklik en by foarkar as der ek finansjeel rendemint te beheljen is (by it skoalpark dokkum is dat noch mar de fraach)

 

Dus de kontoeren fan it IHP bliuwe wat de fraksje FNP oanbelanget oerein mar wy freegje it kolleezje mei klam om yn Maaie mei in trochberekkening, en dus mei in IHP werom te kommen dat mear is as in winskelist. Dat realistysk is. En dat útfierber is. 

 

 



Tags: Algemien, Faklju, Jongerein, Partijnijs, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer