NIJS   22-02-2021


Parsestik Akwatermy 20-2-2021

ENERZJY ÚT EN TROCH WETTER


ENERZJY ÚT EN TROCH WETTER

 

De hjoeddeiske enerzjy-opjefte (RES) bestiet foaral út sinne- en wynenerzjy. Mar wêrom?

Enerzjy út en troch wetter is neffens de FNP de grutte tredde en faaks grutste mooglikheid. Akwatermy is "it antwurd op dit grutte enerzjyfraachstik," neffens fraksjefoarsitter Bert Koonstra, "it is in gaadlik alternatyf foar ierdgas".

 

Akwatermy kin sawol mei oerflakte, - drink-, ôffal- en rioelwetter opwekt wurde en kin mooglik yn 60% fan de regionale waarmtefraach yn Fryslân foarsjen. Noardeast-Fryslân is in wetterryk gebiet en dus in gaadlik opwekgebiet. Akwatermy past goed yn it Fryske lânskip mei har plattelânskarakter en de Noardeaster enerzjyambysjes; sawol binnen ús riedsaginda, koälysje-akkoart en it bestjoersakkoart fan provinsje Fryslân.  

 

De ûntwikkelingen fan akwatermy hat neffens Koonstra ek in positive ekonomyske ynpakt op ús ûnderwiis, wurkgelegenheid en ynnovaasjes en positive ekologyske effekten op it wettersysteem.

De FNP hat mei in moasje it kolleezje fersocht om te ûndersykjen hokker mooglikheden der yn Noardeast binne om akwatermy te ûntwikkeljen. Ek waard der oproppen te sjen oft der yn Noardeast- Fryslân mooglikheden binne om as earste Fryske gemeente in pilot út te rôljen. Gemeente Noardeast- Fryslân moat dêrby safolle as mooglik de gearwurking mei ANNO gemeenten, provinsje, wetterskip, bedriuwslibben, ûnderwiis en ekspertizesintrum ECW sykje.

De yntsjinne moasje koe op stipe fan in romme mearderheid yn de ried rekkenje.

 



Downloads:
Oannommen-moasje-FNP-akwatermy yn noardeastfrysln.pdf


Tags: Enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer