Wenfyzje Noardeast-Fryslân
Foarsitter, de problemen op de wenningmerk binne grut. Der is gjin oanbod, de jongerein wurdt twongen fuort te lûken en âlderein kin gjin kant op, de fraach is grut en groeiende en mei dêrtroch rize de prizen omheech. De FNP hat him dêrom de ôfrûne tiid hurd ynset foar wentebou nei aard, skaal en karakter.
Wy binne dan oan de iene kant ek wiis mei de fleksibele wenfyzje rjochte op it leverjen fan maatwurk dy't foar ús leit.
Fan de measte doarpen ha wy begrepen dat it ynteraktive proses dat hjiroan te grûnslach leit in goed proses west hat, wy binne bliid dat de kommunikaasje hjir goed gien is! Ek binne wy bliid dat de fyzje mei de regiogemeenten ôfstimd is. De start fan dit betooch is dus posityf mar wy ha lykwols noch wol wat fragen en opmerkingen;
Earst prosesmjittich. Der wurd op dit stuit binnen de omjouwingswet wurke oan de omjouwingsfyzje. Hjir sit dan wer de wenfyzje plus it wenprogramma cq prestaasje-ôfspraken, wenningbou-ôfspraken en it útfieringsprogramma yn. It hat allegear mei inoar te krijen en moat fansels ek goed op inoar ôfstimt wêze mar hoe wurde wy as Ried fierder meinommen yn dit proses? Kinne wy hjir en dêr noch bystjoere? De fyzje jout de haadlinen oan wat oandacht ha moat. Mar konkrete saken as bygelyks plankapasiteit foar wentebou, stiet der net yn. En foardat alle ôfspraken en programma's yn kalk en semint sitte, wolle wy witte hoe der omgien wurdt mei oanfragen en of plannen dy't der lizze of binnen komme. It mei net sa wêze dat wy ússels op slot sette. Mei oare wurden, moai dat der in fyzje is mar der moat NO aksje ûndernommen wurde, it is 1 foar 12, de ynstjoerde brief fan Holwert beklammet dit en wy heare deselde lûden út oare doarpen.
Dan noch in pear saken wêrfan't wy graach wolle dat dy
feroare wurde en meinaam troch it kolleezje yn it fierdere proses:
Yn it foarste plak de sosjale hier foarrie, yn it stik stiet dat yn ‘e mande
mei Thús Wonen besletten is de foarrie stadichoan ôfnimme te litten. De FNP is fan
miening dat it tal hierwenten perfoarst NET ôfnimme mei.
As dit net yn de fyzje feroare wurdt komme wy takom wike mei in amendemint
hjiroer.
Om trochstream te befoarderjen moat der genôch goeie alternativen foar de âlderein komme yn eigen doarp, hoe sjocht it kolleezje dat?
Us fraksje is fan miening dat wy mei mear ambysje nei dizze fyzje sjen moatte, kollega Breeuwsma neamde foarige wike de wurden, "in selsbewuste gemeente mei kriich". Foarsitter dizze wurden komme út jo eigen nijjierstaspraak.
Lit we ús net blyn stoarje op sifers en prognoazes dy't moarn alwer efterhelle binne. Wij misse yn dizze fyzje resinte ontwikkelingen. Untwikkelingen as Koroana, thús wurkje, ús regio is yn trek, minsken út'e Rânestêd sykje de romte. Lit ús net bang wêze foar de "bekende demografische trends" wêr't it stik fan sprekt. Mar lit ús sjen nei de kânsjen dy't ús gebiet hat, mei de oanlis fan glêsfezel binne wy digitaal folslein ûntsluten, dogge wy mei en biede wy in perfekt ûndernimmersklimaat wêryn't noch romte is. Foar minsken, foar ideeën.
Foarsitter,it binne allegearre saken dy't fan belang binne
om mei kriich en ambysje nei dizze fyzje te sjen en de fyzje sa gau as mooglik
om te setten yn dieden. Wy roppe it kolleezje op om aksje te ûndernimmen op dit
dossier, lûd op de trom te slaan. It izer is no hjit en moat no smeit wurde.
Ik wol ôfslute mei de wurden: "Wy leauwe net yn krimp mar yn kânsen. Lit ús
gemeente ferstannich groeie."
[1] Wentekorporaasjes binne gau te bang, mjitte efternei, brûke ferâldere prognoases, wolle minder werombouwe dan't er sloopt wurde en tinke yn it earste plak oan har eigen beurs. Der is altyd fraach nei hierwentes (sels mear as 10 oanfragen yn de minst yn trek wêzende doarpen), wy hoe ek net te folle mar wis ek net te min. De jongerein profitearret der fan en dêrneist wenje wy yn in gebiet dêr't de sosjale foarsjennings foar in grut part fan de befolking needsaak binne.