It binne rûzige tiden, mei hege weagen en djippe dellingen. Alle "hens" moatte oan dek mar efter de stoarm lonket de hoarizon it rêstige farwetter is yn sicht.
Dizze byldspraak is fan tapassing op de programmabegrutting 2021 fan gemeente Noardeast
Oan de iene kant ha wy de dellingen/ swiere opjeften bygelyks de Koroana problematyk en de stipe fan de lanlike oerheid wêr't drastysk op koarte wurden is.
Oan de oare kant binne der ek de weagen/ dus kânsen op mêd fan bygelyks wenje, wurkje, rekreëarje en ynvestearje yn Noardeast.
De fraksje fan de FNP pleit der dan ek foar dat wy as gemeente ús posysje pakke en de wyn yn de silen hâlde. Heech oan de wyn.
Trochpakke op mêd fan wenje, leefberens en ûntwikkelingen.
It is no krekt gjin tiid om projekten "on- hold" te setten mar just kontoeren te markearje, ûntwikkelje, útrôlje en delsette.
Foarsitter, as jo skip wetter makket moatte jo silen bysette yn stee fan de silen strike.
Want stilstân is dan efterútgong
Ik ljochtsje in pear items út.
Wenningfyzje
De doarpen stean te skriemen, jongerein wol út it âlderlike nêst wei fladderje, ús regiostêd Dokkum stiet foar de oankommende starters (ús jongerein) ús takomst op slot en ek yn de doarpen is der net in wente te finen, wy moatte de boat no net misse en ús liede litte troch prognoazes.
Krimp foarsitter sit ús yn de kop!!
Dus nijbou nei aard, skaal en karakter yn alle doarpen en fansels yn Dokkum. Dus net allinnich grutte bungalows en steatlike hearehuzen op grutte bouflakken, mar kreaze, betelbere rychjeswenten en twa ûnder 1 kappen. Yn it foarste plak foar ús eigen ynwenners, mar ek foar de stigende fraach út oare parten fan ús provinsje en ús lân.
Meitsje de merk wer sûn en ik kin it net faak genôch werhelje: Jou ús de romte! It petear foar de wenningboufyzje kin neffens de FNP dan ek net rap genôch plakfine.
Foarsjenningen
Foarsjenningen op peil hâlde, nije inisjativen delsette, dat fynt de FNP dan ek essinsjeel foar de leefberens yn Noardeast.
De doarpshuzen binne de rêchbonke fan ús mienskip. Dit giet fierder dan in pilske drinke of in patatsje ite, dus ik beklamje it noch mar ris: de doarpshuzen binne en moatte net in bedriging foar de hoareka wêze, mar it is in thús foar it toanielselskip om te oefenjen of de dammers, en foar gearkomsten fan it doarpsbestjoer, gymnastykje mei pake en beppe, playbacksshows fan en foar de bern of wat dan ek. Dit binne uteringen dy't de pleatslike sosjale koheezje fergrutsje, wat de doarpen en wiken brûze lit en ferbynt.
Om de doarpshuzen in ekstra stimulâns en finansjele romte te jaan, stipet de FNP it riedsfoarstel om fan of 2021 in subsydzje te jaan om de OZB dermei te beteljen.
Yn sawol de kasus Hurddraver as Tolhûspark binne dit jier ferskate partijen tsjin inoar komme te stean.
Men fljocht inoar hast yn de hieren bytiden. It hat allegearre lang genôch duorre, fierstente te lang. De fraksje FNP fynt dat yn 2021 dizze projekten echt útein sette moatte.
De skouders der ûnder, en de kop der foar en mei de dit jier oannommen moasje as reade tried elk moat oer syn eigen skaad hinne stappe, de kontoeren útsette. De FNP werhellet it noch marris; gjin twongen ferhuzing, in eveneminteterrein by it Tolhûspark, romte foar hockey, fuotbal, kuorbal en tennis.
De Sionsberg
It is mei de taak fan de gemeente om te soargjen foar goeie soarch en feiligens foar har ynwenners. Spoedsoarch is foar al ús ynwenners fan grut belang.
Dêrneist past neffens ús dit type soarch goed by de regiofunksje dy't de stêd Dokkum op dit stuit hat en is it wichtich foar de fitale regio dy't Noardeast-Fryslân is en wêze wol.
Yn totaal hat de stichting Sionsberg € 125.000,- nedich om te ynvestearjen yn primêre foarsjenningen lykas apparatuer en materiaal om de spoedsoarch yn Dokkum yn jannewaris 2021 operasjoneel te krijen.
Ferskate stichtingen binne yn begjinsel ree om dit inisjatyf te stypjen foar in bedrach fan € 100.000. De boargerlike gemeente hat ek in ferantwurdlikheid foar dizze spoedsoarch.
De oanskaf en ferfanging fan de needsaaklike apparatuer en materialen sil op basis fan in brûklienoerienkomst ta stân komme om út te sluten dat it ynvestearre jild yn de neie takomst teloar gie.
It bedrach kin helle wurde út de krimpjilden, en oars yn mindering brocht wurde op it ûnderhâldsbudzjet Súd Ie projekt. Oare mooglikheden binne it better benutten fan de Regiodeal en it iepen mienskipsfûns.
De FNP bringt mei S!N, PvdA, ALL, GROEN NOF in amendemint yn en ropt it kolleezje op om it bedrach fan 25k, mei de sa krekt beneamde kritearia, út de begrutting beskikber te stellen.
It soe my fernuverje dat der partijen binne die net mei ynstimme, ommers yn de lêste ferkiezingen hie elke partij it behâld fan de Sionsberg wol in harren programma.
Toerisme
Ferheging fan toeristebelesting is in hiele soere apel, dy´t yn dizze tiid min te fertarren is.
It is neffens de FNP fraksje tige wichtich dat wy as gemeente yn dizze sektor konstant ynvestearjen bliuwe...ommers mei de romte, rêst en skjinne loft ha wy as regio in triple A lokaasje!
It jild foar de toeristebelesting is spikerhurd nedich om de ambysjes te realisearjen, mar de FNP wol mei in moasje bern ûnder de 12 jier frijstelle fan toeristebelesting.
Wêrom? De pine komt minder hurd oan foar gruttere húshâldingen en akkommodaasjes dy´t yn it foarste plak op jongerein ynsteld binne.
Dit hat in grut draachflak by de rekreaasje ûndernimmers, it frijstellen fan de jongerein oant 12 jier kin dêrnjonken in gaadlik marketingynstrumint wêze.
De FNP komt dan aanst ek mei in moasje (mei yntsjinne troch: VVD, SIN en CDA)
Oan it ein fan myn pleit wol ik út namme fan de FNP elk tige tank sizze die oan dizze begrutting wurke hat.