Al wiken hat it Koroana firus Fryslân en de rest fan it lân yn syn greep. In soad minsken binne siik, mei útpûljende IC`s en sels deaden as gefolch.
Wy hawwe soks noch nea mei makke!
Doarpshuzen, sportferieningen, kafees en skoallen binne al sletten. Winkels passe harren iepeningstiden en húsregels oan.
It is ûnwerklik. It iepenbiere libben remmet as in trein op ‘e needrem ôf en stiet noch krekt net stil. De folkssûnens hat prioriteit boppe alles en stiet mei stip foarop!
Ek de Gemeentepolityk leit sa goed as stil. Op tongersdei 19 maart hiene wy in lêste, benei surrealistyske en bysûndere riedsgearkomste.
20 riedsleden moasten oer in oantal hammer punten beslute. Tusken elk riedslid wie oardel meter romte en de gearkomste waard sûnder publyk hâlden.
Fansels wurket dit net optimaal, foaral omdat der gjin diskusje los komme kin, mar der wurdt no mei man en macht wurke oan in oplossing om de lokale demokrasy dochs troch gean te litten.
Tink bygelyks oan in lanlike needwet dy't it mooglik makket om digitale riedsgearkomsten te hâlden ynklusyf in stimming.
Ek de fraksje FNP Noardeast siket har digitale wei, ús earste ZOOM (Digitale gearkomste app) gearkomste is in feit.
En ek al binne wy fysyk net by inoar, sa kinne wy inoar wol sjen en moetsje.
Troch dizze wei sa yn te slaan kinne wy dochs noch wat fan ús riedswurk fuortsette en wichtige saken oppakke.
Mochten jo yn dizze rûzige tiid wat foar ús fraksje ha, twivelje dan net en nim kontakt mei ús op, dan sizze wy jo ta dat wy der mei te set geane!
De fraksje FNP Noardeast-Fryslân winsket jimme in soad sterkte wiisheid en sûnens yn dizze ûnwisse tiid ta. Pas goed op jimme sels en op inoar.
Mei freonlike groetnis,
Bert Koonstra
Fraksjefoarsitter FNP Noardeast- Fryslân