NIJS   20-09-2018


Fryslân: FNP: stipe foar doarpshuzen trochsette

De fraksje fan de FNP wol dat de provinsjale stipe foar de Fryske doarpshuzen trochgiet. De partij komt yn de Steaten mei in útstel foar in ‘doarpshuzenregeling 2.0' foar de kommende Steateperioade. Ek it Iepen Mienskipsfûns en it wurk fan Doarpswurk draacht de FNP in waarm hert ta.

 

Doarpshûzeregeling 2.0

Neffens FNP wurdfierder WopkeVeenstra kin de besteande regeling foar doarpshûzen wat breder. ‘It belied foarde leefberheid yn Fryslân. moat by de tiid brocht wurde. In ‘doarpshûzeregeling2.0' mei earmerke jild.  Wy wolle troch mei de stipe oan fysikemoetingsplakken foar de lokale mienskippen. It giet net altyd mear om nijboufan in doarpshûs, mar it giet der ek om besteande akkomodaasjes enerzjysunichte meitsjen en te ferbouwen. Der komme ek tsjerken, skoallen en oare gebouwenbeskikber dy't in nije bestimming krije mei in doarpshúsfunksje. Dan kin indofke jild fan de Provinsje krekt de trochslach jaan om oare jildsjitters lykasde gemeente en fûnsen oer de streek te lûken.'

 

Iepen Mienskipsfûns

By it debat oer de Leefberens yn deSteaten sil it ek gean oer de takomst fan it Iepen Mienskipsfûns en it wurk fande organisaasje Doarpswurk. It Iepen Mienskipsfûns hat de ôfrûne perioade ingrut sukses west. De minsken binne tige tefreden mei de leechdrompelige stipefoar lytsere mienskipsprojekten. De FNP wol dat ek dizze regeling nei deferkiezingen trochset wurdt. Lykas by de doarpshûzen sil hjir yn de nijesteateperioade jild foar frijmakke wurde moatte, sa seit Veenstra.

 

Doarpswurk

Itselde jildt foar it wurk fanDoarpswurk. Veenstra: ‘Wichtich is dat de stipe foar alle frijwilligers yn dedoarpen bestean bliuwt en dat de opboude ekspertize net ferlern giet.Leefberheid wurdt ek ien fan de spearpunten fan de nije Omjouwingsfisy. Fangrut belang foar ús plattelân en de kearnen. Bestjoer en direksje fanDoarpswurk hawwe oanjûn dat de organisaasjefoarm nei alle gedachten al feroarjesil nei in netwurkorganisaasje, en dat hja iepen stean foar de needsaaklikefernijing. Dêr moatte provinsje en Doarpswurk oer yn petear. Wat de FNP oangietbliuwt der dan ek foar in nije organisaasjefoarm provinsjale stipe yn dekommende perioade nei 2019.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer