NIJS   06-12-2019


It Dokkumer Binnenhof

"It Dokkumer Binnenhof" (Bert Koonstra)

It Dokkumer Binnenhof

 

In gemeentehûs yn it bestjoerlik hert fan ús gemeente Noardeast- Fryslân, Dokkum, moat alluere en status krije. In histoaryske bestjoerssintrum fariant binne we dan ek hielendal foar!

 

Ofrûne wike binne wy troch de Stifting Bonifiatiustsjerke bypraat. 

Dit wie in ad- hoc aksje fan de stifting mar it hat wol fertuten dien. 

Dit plan past perfekt yn de krekt oanname monuminten en tsjerkefyzje moasje, dy unanym troch de gemeente Noardeast- Fryslân omearme is.

 

Hergebrûk en in nije bestimming sykje fan âlde gebouwen en tsjerken.

In moaie bestjoerlik plein yn hertsje Dokkum realisearje, it Dokkumer Binnenhof, wa wol dat no net?

 

As FNP ha wy it dan ek goed foar de kop dat jo steat en tsjerke fan elkoar skieden hâlde moatte. Mar wy sjogge de fariant Bonifiatiustsjerke dan ek as gebou en net as ynstitút. Dêr leit neffens ús ek de crux. 

 

Tsjerklike uteringen  binne yn us eagen net te kombinearjen mei in gemeente riedsgearkomste, dus der mat in dúdlike kar makke wurde!  De gemeente nimt it gebou oer dan kin der in riedsseal fan makke wurde en de tsjerkemienskip siket in nij plak. 

 

Mar it is in kâns en wy as FNP binne dan ek optein dat it kolleezje fan Noardeast, dit fenomenale gebou út de hân fan arsjitekt Petrus Josephus Hubertus (Pierre) Cuypers, yn elk gefal ûndersyk weardich fynt. Om it in nije bestimming te jaan en it bewarjen foar de histoaryske binnenstêd fan Dokkum.

 

Bert Koonstra

Fraksjefoarsitter FNP Noardeast- Fryslân

Sweagerbosk

 

 



Tags: Kultuer, Partijnijs, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer