NIJS   24-10-2019


PANNAKOAI WICHTICH FOAR IT FÛGELLÂN!

Woansdeitejûn 23 oktober wie de FNP oanwêzich op de earste wykried fan it Fûgellân. It wichtichste punt op de aginda wie de pannakoai dy't krekt foar de simmer troch de rjochter sletten is.

PANNAKOAI WICHTICH FOAR IT FÛGELLÂN!

Woansdeitejûn wie de FNP oanwêzich op de earste wykried fan it Fûgellân yn basisskoalle de Hoeksteen yn Dokkum. De wykried is werom nei in jierrenlange stilte en besiket op dit stuit in foltallich bestjoer te krijen. It wichtichste punt op de aginda wie lykwols net it nije bestjoer, mar de pannakoai dy't krekt foar de simmer troch de rjochter sletten is yn ferbân mei oerlêst en sletten bliuwe sil oant it kolleezje mei in nij útstel oer de koai komt. It doel fan de wykrie is om it definityf sluten fan de koai foar te kommen om't it neffens har in plak is dat fan grutte betsjutting is foar de sosjale gearhing yn de wyk. De wykagint ûnderstreket dit en wol sels foar de koai as sosjaal plak troch it fjoer gean, de jongerein moat in sintraal plak ha.

 

Dat de koai net allinnich brûkt wurden is om te fuotbaljen en te boartsjen is lykwols ek dúdlik. In soad oerlêst kaam troch groepen jongerein dy't om de koai hinne hongen. Mocht de koai wer iepene wurde dan sil de wykried, tegearre mei de omwenners en de wykagint in sintrale rol spylje yn it hanthavenjen fan de rêst om de koai hinne. Foarearst sille hja it positive lûd út de mienskip wei heare litte troch bygelyks hantekeningen te sammeljen.

 

De FNP is bliid mei it lûd út it fûgellân dat har fermoeden befêstiget. De FNP tsjinne yn septimber al fragen yn by it kolleezje oer it sluten fan de koai en is yn ôfwachting fan de antwurden.
- Wêrom is de hanthaving, op in inkelde kear nei, útbleaun wylst der wol sprake wie fan oerlêst? 
- Werom wize plysje en gemeente nei elkoar en nimt net ien ferantwurdlikheid?
- Is it sluten fan de koai de oplossing fan it probleem of ferpleatst it probleem him no júst?
- Wat is it kolleezje fan doel mei it dossier "pannakoai"?

- Sjocht it kolleezje kânsen om de pannakoai wer te iepenjen, op dizze lokaasje of in lokaasje yn de buert, wêrby't de primêre oerlêst (it lûd fan it baljen) en yn elts gefal de sekundêre oerlêst (fan de groepen om de koai hinne) beheind wurde kin?

 

Hielendal nei de gearkomst fan de wykried is it de FNP Noardeast-Fryslân wol #dúdlik: De pannakoai moat wer iepen!




Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer