NIJS   09-10-2019


ROMTE YN DE DOARPEN!

Op tongersdei 3 oktober hat de FNP Noardeast-fryslân yn de riedsgearkomste op ‘e nij fragen steld oer de moasje dy't op 4 april yntsjinne is oer de saneamde 'konkrete merkfraach'.

"ROMTE YN DE DOARPEN!"

Dat de wenningmerk feroaret dat fernimme wy allegearre. Minsken moatte langer thús wenje, wat de trochstream net befoarderet. De jongeren wolle ek graach yn harren eigen doarp bliuwe, mar wêr? It oanbod is te lyts en te djoer foar de starter. Foar de leefberheid yn ús doarpen is it fan libbensbelang dat alle leeftydskategoryen in plakje ha kin yn it eigen doarp, dêr spilet de wenningmerk in krúsjale rol yn.

Op 4 april hat de FNP Noardeast-fryslân in moasje yntsjinne oer de saneamde ‘konkrete merkfraach'. It doel fan dizze moasje is om ynsjoch te krijen wêr't no krekt ferlet fan is. Dat de moasje riedsbreed oannommen is seit genôch. Op dit stuit is de gemeente dwaande mei in ‘tour' troch ús gemeente mei de saneamde ‘oanheakker'. De oanheakker komt yn de doarpen en jo kinne as ynwenner kenber meitsje wêr't ferlet fan is. De útkomsten fan dizze ‘tour' wurde sa gau mooglik yn kaart brocht en dielt. Sjoen de nijste ûntwikkelingen en koerswizigingen oangeande nijbou, by foarkar binnen de besteande kommen, wolle wy as FNP ek graach de potinsjele ynwreiding yn kaart ha. Op tongersdei 3 oktober hat de FNP hjir yn de riedsgearkomste op ‘e nij fragen oer steld en fan wethâlder van Esch de tasizzing  krigen dat antwurden op it ynwreidingsfraachstik sa rap mooglik nei ús, en dus nei jimme takomme.

Undertusken binne wy ek drok dwaande mei dy oare pylder dy't sa wichtich is foar de doarpen, har minsken en dus ek it wenningoanbod: maatwurk yn de soarch! 

 

te keap te huur small 1

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer