NIJS   10-07-2019


Fedde Breeuwsma oer de perspektyfnota

"Tiden hawwe tiden" (Fedde Breeuwsma)

 

 

Foarsitter

 

Dizze nota komt 2 moannen te gau. Of de frege sifers komme twa moannen te let. It is mar krekt hoe oft jo it sjogge.

Amtners wolle wy  tige tank sizze foar dit moaie kompakte en dúdlike ferslach fan de stân fan saken fan ús gemeente en de opsetten ta ferbettering fan ús finansjele situaasje. It is sa't it is en wy moatte wer foarút.

As FNP fraksje wolle wy wol wat saken oanjaan wêr't yn ús tinken rekkenskip mei holden wurde moat yn de kar dy't wy oer in pear moannen meitsje sille.

Wy moatte besunigje en lit ús dat mei belied dwaan. Faak ,en ik draai no  in lytse 20 jier mei is de nota fan it regear fan septimber faak aardich optimistysker as dy fan it foarjier. Dus wy moatte perfoarst net yn panyk reitsje mar wol moatte wy ferstanniger mei ús jild omgean.

As ik hear dat ús amtlik apparaat no 10 % kwyt is oan reizgjen en 10 % oan de gearwurking is dêr better mei omgean in besuniging dy't de boarger net iens hoegd te merken en op in begrutting fan 50 miljoen.......

 

Sa in pear saken.

- enerzjy fûns;
Wy wolle graach dat der in enerzjy transysjefûns komt De enerzjy transysje moat net oplein/trochdrukt wurde. Mar de gemeente moat boargers der wol yn  meinimme. Dit kin troch projekten út dit fûns.
Gaswinne yn Ternaard, wy binne hjir as FNP poer op tsjin en wy sille hoe dan ek tsjin bliuwe. Lykwols, at blykt dat it net te kearen falt moat men ta de beurs. Wy litte ús net ôfskepe mei kralen en knopen, at it tij net te kearen falt moat der serieus jild komme dat werom floeit nei de mienskip, bygelyks yn sa'n fûns. Yn it stik stiet de term wynturbine, dat is net konfoarm, it koälysje akkoard en der wolle wy wynmûne fan meitsje. Grouwélige turbines wolle wy as koälysje hjir net ha.


- foarsjennings, rekreaasje en toerisme.
Hjir komme de gemeente har struktuerfersterkjende projekten út. Tink oan Bruisend Hart, it fuotbalfjild fan Kollum en wat te tinken fan Holwert oan See, dat mits goed útwurke en passend binnen de natoer, omjouwing en ekology wolris in gigantyske banemotor wêze kin. It is ek wichtich dat wy as gemeente de foarsjenningen breed hâlde. Alle oanfragen moatte safolle mooglik harren maksimale finansjele ynspanningen bringe. Ek fan de oanfregers.
Neist ynvestearringen yn foarsjenningen wolle wy it doarpe- en wikefûns sa gau mooglik útwurke sjen! Ynsette op fitale doarpen is fan libbensbelang.

  

- De miljoenen Eneco nei AR, projekten, enerzjy fûns
Wy kinne dizze miljoenen mar ien kear út jaan kinne. Der stiet yn de PPN dat it "ynvestearringsjild is" lit ús dat dan ek sa brûke en litte wy it net fergrieme troch oare gatten te sljochtsjen. We misse by ferkeap de jierlikse dividend fan it bedriuw en it jild moat wol rendearje.


- wenningfoarried  
Nei it beslút fan de provinsje moatte wy safolle mooglik ynwreidzje en ûnrindabele gebouwen ferfange. Sjen wêr't elts doarp ferlet fan hat en wêr't it nedich is faaks sels útwreidzje. Jonge- en âlderein yn de doarpen hâlde troch kreatyf om te gean mei de romte, passende wenfoarms te sykjen ûnrendabele gebouwen te ferfangen en gean sa mar troch.                                                          


- sosjaal domein
De grutte tekoarten moatte wy net út de gemeente reserves helje, mar by it ryk wei. Wol moat wy fansels goed sjen wêr at op besparre wurde kin binnen it SD en dat ek soarchfâldich trochfiere. Dochs wol ik mei klam sizze, en dat sil dreech wurde, dat de boarger hjir net de dupe fan wêze mei. Wy binne bliid dat alle kolleezjepartijen dat no ek sa sjogge. Sa kinne wy hjir as sterke koälysje mei oan de gong.

- berikberheid                                                                                                                                                 

Mei de sintrale as is ús westflank, Hallum en Dokkum goed te berikken. De eastkant mei Kollum en har efterlân moatte rapper nei de Skieding bewege kinne. Pak dit op mei de provinsje. Wy ha de grûn posysjes al yn ús besit. De FNP sil hjir oer yn in moasje it kolleezje opdracht  jaan om dit te ûndersykjen. Ek de rûnwei fan Wânswert is in tasizzing dêr't no dochs ris wat fan komme moat.

 

En as lêste mar oe sa wichtich, ús Fryske taal en kultuer.


Europa en it Ryk binne dúdlik. De Fryske taal moat der op foarútgean en by weryndieling moat útgean wurde fan de sterkste gemeente at it op it Frysk oankomt. Dat betsjut dat der grutte stappen te setten binne en dy moatte wy ek sette. It is in grut foarrjocht om in eigen taal te hawwen, dat bringt ferantwurdlikheden mei him mei. Nim dy ferantwurdlikheden en fersmyt it net, ús neiteam sil ús tankber wêze!

 

Ofslutend kom ik noch efkes op ús skûtsje werom, it gemeentlik skûtsje mei sa  fier "Noardeast-Fryslân" yn it seil. Dat skip is der wol klear foar mar it kolleezje moat ienriedich as skipper  it helmhout stiif omklamje, om it skip skerp oan de wyn krijen. As swurdeman moat ús direkteur it skip net ferleierje litte.  De skoaten moatte oanlutsen wurde en ús managers moat yl op ‘e hannen krije. De amtners moatte ree wêze om de reven út it syl te heljen . Dêr binne we no noch net. De rest fan de bemanning is der klear foar dy wrotte wol troch. Skerp sile foar ús boargers is needsaak.                                                                                                             

Der leit in útdaging want as ried binne we de skûtsje kommisje en gean  wy oer de skipper en syn resultaten. Wy bin der klear foar en at de skipper fan no oan elts goed oanropt, (kommunisearret)  kin it hast net mis gean.. Wy sille sjen dizze hjerst nei de wedstriid. 

 

 





Tags: fnp fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer