NIJS   19-06-2019


Fryslân: Grutte romte foar bouwen op ‘e doarpen

De FNP hat yn ferkiezingstiid heech ynset op bouwen op 'e doarpen. Wy binne der tige wiis mei dat hjir yn it koälysje-akkoart romte foar komt.

"Doarpsbelangen skilje ús al!" (Sijbe Knol)

Wenjen en leefberens

Wat wenjen oangiet hat de FNP wakker sukses hân mei de ûnderhannelingen oer it nije koälysje-akkoart. Der is ferlet fan wenningen foar jongerein en âlderein dy't op de doarpen bliuwe wolle. Wy hawwe berikt dat binnen doarp of kearn aanst boud wurde mei sûnder plafond. Dêrbûten komt gjin ûnbeheinde groei fan nijbouwiken ‘yn de greide' mear. In oar punt fan de FNP is it mooglik meitsjen fan wenjen foar tydlike wurknimmers yn it bûtengebiet as op it hiem fan de wurkjouwer sels.

Der moat boud wurde neffens oantoand ferlet yn de regio. Der komt ‘kwalitative ferfanging' fan besteande wenten foar jongerein en âlderein. Fan in ‘rem' foar wenningbou op doarpen allinnich op basis fan demografyske ferwachtingen sil dan gjin sprake mear wêze. Der komt € 1,0 mln foar de útrol fan Doarpsûntwikkelingsmaatskippijen, ek om ‘rotte kiezen' wei te wurkjen.

 

Doarpshuzen

Safolle mooglik doarpen hawwe in eigen moetingsplak. Dêrta wurdt de besteande Doarpshuzeregeling fernijd. Dêr is yn de mienskip ferlet fan. Net allinnich nijbou fan multyfunksjonele sintra mar foaral ek ferbou fan besteande akkommodaasjes en frijkommende gebouwen lykas tsjerken, skoallen en pleatsen moat sa mooglik wêze. De koälysje wol € 2 miljoen yn in nije regeling ‘Moetingsplakken 2.0' stekke.

 

Iepen Mienskipsfûns

Iepen Mienskipsfûns: It suksesfolle IMF giet troch. Der wurde minimaal 750 leefberensprojekten yn Fryslân realisearre mei stipe fan it IMF. De leechdrompelige IMF-wurkmetoade tsjinnet ek as ynspiraasjeboarne foar in fernijde wurkwize op oare provinsjale wurkmêden. De provinsje sil der op'e nij € 12 miljoen yn stekke.

 

De FNP docht it! #1

 

Sjoch ek ús berjochten út de ferkiezings:

1. Huzen bouwe yn échte doarpen 

2. Grutte fraach nei hofkes mei lytse wennings 



Tags: libje yn fryslan, polityk bestjoer, wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer