NIJS   15-12-2018


FNP : tradysje optochten moat bliuwe

De FNP Dongeradiel hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders oer hoe as it komt mei de optocht fan fersierde weinen yn de doarpen. De FNP is min te sprekken oer it  op nij  negatyf kommunisearjen oer jeugdoptochten.



Sels neidat âld boargemaster Waanders yn in petear mei AantJelle Soepboer fan de FNP, yn gearwurking mei de doarpen,sein hat dat ôfskaffing fan jeugdoptochten net winskelik is en dat de kommunikaasje faak te negatyf west hat bliuwe de negative iensidige lûden fan de gemeentlike amtners yn Dongeradiel kommen.  Op de fergunningoanfraach fan Anjum foar de jeugdroute fan takom jier wurdt op 5 desimber mei in koart skriuwen reagearre, de toan is dúdlik: rekkenje der mar net op. De FNP sjocht ferheard op fan dizze wize fan kommunisearjen en hat fragen dellein by it kolleezje.
Dêrneist wol de FNP it tema yn de nije gemeente heech op de aginda sette en  wurkje oan feilige en takomstbestindige doarpstradysjes lykas de jeugdoptochten troch omlizzende doarpen. De optochten heare by de doarpen en soargje foar in soad sosjale koheezje. Derneist binne se in wier úthingboerd. By de optochten komme hûnderten en yn guon doarpen sels tûzenen minsken te sjen en soks mei nea oan de minsken ûntnommen wurde. “Wêr it tradysje west hat moat it tradysje bliuwe,” sa seit de FNP.


Downloads:
Fragen optochten 13122018.pdf


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer