NIJS   14-12-2018


Fedde Breeuwsma, riedslid en fraksjefoarsitter FNP Dongeradiel

Hast 35 jier is der in gemeente Dongeradiel west mar der komt gjin jubileumfeest. Wol in ôfskie. Fan
it âlde fertrouwde mar ek in nij begjin fan gearwurking yn de regio.


Yn 1984 is de gemeente Dongeradiel op start as fúzje gemeente fan Dokkum, Westdongeradiel en Eastdongeradiel. En no giet de gemeente wer in fúzje oan mei Ferwerderadiel en Kollumerlân. Grutter mar we moat wol better berikber wurde. De nije gemeente sil mear nei de doarpen ta.
 
Yn earste ynstânsje soe ek Dantumadiel mei dwaan mar dy wolle dochs bestjoerlik selstândich bliuwe. Ek in kar mar brûke wol alle amtlike tsjinsten fan de nije gemeente Noard East Fryslân.

Ik bin sa neamde ymport yn de regio (op groeit yn Grou) en yn 1980 nei Dokkum ferhuze, Der kriich ik wurk yn De Sionsberg en ha dat altyd mei in protte wille dien. We bin al hielal setele yn de regio en bin fia de FNP yn de ried rûgele. Dit is myn tredde riedsperioade en ha my wer ferkiesber steld foar de earste gemeente ried fan Noard east Fryslân.

Yn 1984 wie der in hoop rebûlje oer dy fúzje. De doarpen om Dokkum hinne soenen nea wer oandacht krije en se soenen fertutearzje want alles soe nei Dokkum gean. Die lûden hear je noch wolris ,mar at ik troch de gemeente ried ried dan sjoch de sintrums fan de measte doarpen der best fleurich by stean. Dat wie noch yn in tiid dat der in protte ferwachte waar fan de gemeente. De gemeente soe it en moast it wol regelje. Dat is oan it feroarjen. 
 
We gjin nei in oare tiid. Der yn wurdt mear frege fan de boargers. Meitinke oer saken dy't jo eigen doarp oan giet is wichtich. It jild is krap en we kin it mar ien kear út jaan.

Net allinne foar boargers is dat in hiel oar tinken mar ik foar ús as polityk en ús amtners. Net mear fan dit kin we jimme biede mar wat wolle jimme en hoe kin we dan foar inoar bringe.

Der foar bin kaders nedich mar binnen die kaders moat in protte romte wêze. Dat freget in protte fan ús allegearre mar at we der mei inoar oan wurkje wurdt Noard East Fryslân ek bestjoerlik de moaiste gemeente fan Nederlân.


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer