NIJS   11-12-2018


Der wie Dongeradiel, der is no Noardeast Fryslân

Yn maart 2014 bin ik keazen as riedslid út namme fan FNP yn Dongeradiel, in prachtige
funksje yn in prachtige gemeente. Mei dizze funksje koe ik echt wat foar de mienskip
betekenje. Ik wie it jongste riedslid en waarskynlik troch myn leeftyd ek degene mei de
minste libbenservaring, mar trochdat de ried in ôfspegeling wêze moat fan de mienskip, fyn
ik it des te belangryker dat der ek jonge minsken yn de ried sitte. Faaks hawwe jonge
minsken in oare kijk op bepaalde ûnderwerpen as de wat âldere generaasjes. Derneist
moatte jo ek rjocht dwaan oan al ús ynwenners en bedriuwen.


Yn de perioade fanôf maart 2014 haw ik, wy as FNP, mar ek as gemeenteried moaie dingen foar de ynwenners, de mienskip, dwaan kint. Yn’e ried wienen wy it net altyd mei elkoar iens en wurden der sa no en dan ferhitte debatten fiert. Mar úteinlik binne der moaie dingen foar de mienskip ta stân kaam.
De mienskip, dêr draait it úteinlik altyd om, want dat binne net allinnich jo en ik, mar ek de buorlju, de minsken út de oare strjitten fan jo doarp as stêd, de minsken út de oare doarpen en stêd fan Dongeradiel, de lokale bedriuwen, de minsken dy der wurkje, de minsken die der komme te rekreëarjen ens. De mienskip binne wy mei-inoar. Ik bin dan ek grutsk dat ik fan út de FNP de mienskip yn de gemeenteried fan Dongeradiel fertsjinwurdigje mocht. Mei nocht en wille haw ik my ynsetten om it bêste foar de mienskip yn Dongeradiel te realisearjen.
It wie in bysûndere riedsperiode trochdat der in fúzje foar de doar stie. In fúzje leit faaks gefoelich. Ik tink dat wy it bêste mei ús mienskip foar hân hawwe en dat der goeie keuzes makke binne. Sa no en dan moasten wy oer de grinzen hinne sjen en al yn it belang fan de
“nije” mienskip tinke. Wy hawwe goed op it húshâldboekje past en litte in finansjeel sûne gemeente nei oan de nije gemeente Noardeast Fryslân. Der ûntstiet no in gruttere mienskip, mar ik bin der fan oertsjûge dat ek dit in prachtige gemeente wurdt!
Tank foar it fertrouwen, it wie in drokke, mar foaral moaie en learsume tiid yn de ried fan
Dongeradiel!

Jaap Postema
FNP Dongeradiel
@JaapPostema


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer