NIJS   21-11-2018


Kollum Inne Bilker útsprutsen by de útstjoering fan Omrop Fryslân.

Ja, en dan komt de fraach op dy ôf: Kinsto ris wat op papier sette, in kollum wurdt dat ek wol neamd, wat dyn tiid yn de gemeenteried fan Dongeradiel no eins opsmiten hat, sawol foar dysels, dyn fraksje en foar de boarger fan dizze gemeente .No, tocht ik daliks, in hiele protte, fansels.Sjoch mar nei de ferkiezingsprogramma’s.Wêr hawwe wy ús net sterk foar makke:
Behâld foarsjenningen
Takomst foar de doarpen
Takomst foar ús jeugd
Gjin gaswinning.
Wynmûnen,ja,mar op see.
Soarch tichtby de minsken en folle gjin genôch.
Ja,en sa kin ik noch wol even trochgean.


Mar minsken,ien kear yn’e riedseal ,yn oparbeidzjen mei oare partijen,blykt de praktyk dochs wat wjerstribbiger (weerbarstiger) te wêzen.
De Sionsberg as folweardich sikehûs ticht.
Noch altiten gas út ús boaiem.
Noch te folle wurkleazens
Krimp
Fergrizing
Greidefûgels noch altiten yn’e gefarenzône
En sa kin ik noch wol even trochgean.
Nee,it entûsjasme oan it begjin fan in riedsperioade is oan de ein fan dy 4 jier al aardich bekuolle.
Mar, hawar, ik mei myn politike maten, hawwe harren net fan de barrikaden triuwe litten.
Is de Sintrale As net de grutte haadslachier foar ús regio?
En op lytsere skeal:it drama Schreiersbrêge is ta in ein kommen.
De nije fytsbrêge eaget as in Sintrale As op fytsnivo
De Voedselselbank wurd hieltiten troch minder boargers brûkt.
Holwert oan See,hulde oan dy boargers dy’t harren tiid ,enerzy en kwaliteiten al dy jierren ynset hawwe. Sels Den Haag is om. €5.000.000 euro’s rôlje dizze kant út. Ik hoopje noch mei te meitsjen om oer 10 jier myn 80-jierrich lichem op it strân by  de Fiskwei del sakje litte te kinnen.En fandêr troch de polder de Waadsee yn te swimmen. En in seehûn oer de holle aaie te kinnen.
En ticht by de boarger stean is ek aardich slagge. Al moat ik wol tajaan dat ik yn dizze hektyske Metoo-tiid wol wat mear ôfstân bewarre haw. Jo  witte it nea!
En altiten bliuwe der saken lizzen. Fansels,mar oer’t gehiel nommen, libje wy hjir net yn in lân, provinsje en regio as God yn Frankryk of wêr’t hy ek mar tahâldt op dit stuit.
En, sjoch ik de bylden fan bern yn de kapotte, platbombardearre  stêden yn û.o.Syrië, de honger yn dielen fan de wrâld, nim no Yemen, de oarloggen, en de natoer dy’t op plakken yn grutte oerstjoer is, en sa kin ik noch wol even troch gean, dan bin ik stil. Ik swij. Want wat in wrâld fol fleur,wille en foarsjennings om ús hinne.
Fansels, hear ik jimme sizzen: ho,ho, by ús mankearret der dit of dat ek noch oan. En dan sis ik, jawis. De nije ried hoecht net op ’e hannen te sitten. Oh,nee.
Mar ik fertrou der op dat dy 29 pear hannen út 29 pear mouwen stutsen wurde. En dat net 29 middelfingers omheech stutsen wurde mar 29 wiisfingers it kolleezje en ús kostber korps ambtenaren de wei foarút wize.
Noard East Fryslân,lân
Tusken Waad en sân
beklaait mei klaai en slyk
beskerme troch in griene dyk
befolke troch sa’n 40.000 minsken
binne der no noch winsken?
Wy binne dochs al ryk?

Inne Bilker



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer