NIJS   20-11-2018


Omrop Fryslan: FNP is grutste partij by skoalferkiezings yn Noardeast-Fryslân

De skoalferkiezings op it fuortset ûnderwiis en it mbo yn Noardeast-Fryslân binne wûn troch de FNP, op grutte ôfstân folge troch de VVD en de nije gemeentlike partij ELP-Noardeast-Fryslân. De FNP is al in skoftke dwaande mei in aparte jongereinkampanje, dy't sawol online fierd wurdt as op skoallen en yn jeugdhonken.

Soepboer fiert in persoanlike kampanje mei tastimming fan syn partij - Foto: Omrop Fryslân
Aant-Jelle Soepboer oer de ferkiezings
Op it sechstjinde plak op de FNP-list stiet Aant-Jelle Soepboer. Hy hopet mei foarkarsstimmen fan jongerein yn de gemeenteried keazen te wurden en fiert dêr ek in persoanlike kampanje foar mei gjalpen as 'Karbidsjitte, fersierde wein, takomst foar ús jongerein'.

Soepboer docht dit omdat er fynt dat de gemeentlike polityk folle mear de dialooch mei de jongerein sykje moat en har ek folle serieuzer nimme moat. By de kampanje foar de weryndielingsferkiezings wurdt troch ferskate partijen folop ynset op sosjale media. De gemeente Noardeast-Fryslân yn oprjochting docht dat sels ek, mei as doel om safolle mooglik minsken nei de stimburo's te lûken. De prognoaze fan de opkomst is sa'n fyftich prosint, mar dat soe by min waar ek noch wolris leger útfalle kinne.

Earste gemeenteried
Woansdei meie de ynwenners fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân nei de stimbus foar de earste gemeenteried fan Noardeast-Fryslân. Moandeitejûn wie it lêste ferkiezingsdebat yn de Dokkumer IJsherberg.

It wie in tige libbend debat oer in grut ferskaat oan tema's lykas gaswinning, de slutingstiden fan de hoareka, de mooglike komst fan in coffeeshop, Holwert aan Zee en krimp. De njoggen listlûkers mochten opkomme op de klanken fan sels útkeazen muzyk en koene nei in foarstelrûntsje mei-inoar yn debat. De jûn wie live te sjen by lokale omrop RTV-NOF en online.


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer