NIJS   16-11-2018


Aant Jelle Soepboer op de boargerskipsdagen ROC Friese Poort Dokkum

Juster wie ik (ús nr 16 Aant Jelle Soepboer) foar de boargerskipsdagen op ROC Friese Poort Dokkum. Yn in iepeningspetear mei mear as 200 jongeren fan om de achttjin wie ien ding hiel helder. Hja fielden har net oansprutsen en roppen om belutsen te wêzen by polityk.

Beslissingen en petearen yn drege taal gean oer har hollen hinne. Mar doe barde der wat núvers. Nei in lytse diskusje dy’t ik fierde mei ien fan de listlûkers fan in oare partij, dy’t bewearde dat ik “fake news” fertelde, kaam der beweging yn de seal. Sterker noch, ik wurde frege om yn de pauze troch te setten en mear groepen te ûntfangen dan op it program stie, omdat de learlingen graach mei my yn petear woene. Hja woene sels har eigen pauze der wol foar opofferje. De jongerein makke dêrnei, troch op de skoalferkiezings benei unanym foar de FNP Fryske Nasjonale Partij te kiezen, ien ding hiel #dúdlik: LEAR OM MEI ÚS TE PRATEN!

Sa at ik de ôfrûne tiid besocht ha sjen te litten op sosjale media, yn debatten en yn persoanlike petearen ha ik gâns mear te bieden as allinich it opkommen foar de jeugdtradysjes, mar dochs bliuwt it myn grutte spearpunt! Ik sil my ynsetten bliuwe foar har en har belangen! Ien fan de dingen wêr ik bygelyks mei har oer praat ha is dat der in jongerenadvysried of in jongereinparlemint komme moat. Ek ha wy it hân oer har takomst, duorsumens en fansels oer it yn stân hâlden en fergrutsjen fan de sosjale koheezje yn doarpen mar ek yn de stêd Dokkum. Ik bin grutsk op ús jongerein en wol har 21 novimber in stim jan, ik hoopje jo ek!

Aant Jelle Soepboer, Nr16, List 2.

Foar mear ynformaasje oer it partijprogram fan FNP Noardeast-Fryslân en jongerein kin jo sjen op: https://noardeastfryslan.fnp.frl/frysk/ferkiezings-2018/program/


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer