NIJS   31-10-2018


FNP iepenet eigen partijhûs

Oansteande freed 2 novimber iepenet FNP- Noardeast-Fryslân har partijhûs oan de Waagstrjitte 17 yn Dokkum. De iepening sil fersoarge wurde troch Grutte Pier. Grutte Pier is legendarysk en sil syn krêft sjen litte tidens de iepening.

FNP is de iennige partij yn Fryslân dy’t in eigen Partijhûs hat. Yn Dokkum, de haadstêd fan de nije gemeente Noardeast- Fryslân ferriist tidens de ferkiezingskampanje ek in partijhûs. Elk is wolkom om nei binnen te rinnen foar in kopke kofje, in praatsje of om de stikker fan eigen doarp/stêd op te heljen. Ek oan de bern is tocht. Woansdei-freed en sneontemiddeis is it partijhûs iepen. Freedtejûn sil der in petear plakfine tusken rieds en steatefraksje en ûndernimmers yn de nije gemeente. Der sil praat wurde oer ûndernimmen yn Noardeast-Fryslân, bedriuweterreinen, berikberens ensfh. De jûn begjint om 19.30 fan 19.00 oere ôf stiet de kofje klear. FNP fynt it wichtich om de stim fan de befolking te hearren dêrom wol FNP ek mei har partijhûs iepen stean foar ideeën fan de ynwenners foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Want de gemeente binne wy allegear meielkoar.


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer