NIJS   28-10-2018


Boer is de dokter fan de takomst

Dat sei Theo Mulder fan Mulder Agro yn Kollumersweach tidens in wurkbesite fan FNP-Noardeast-Fryslân. De FNP delegaasje krige dêr in lêzing oer bioferskaat en sûne grûn. Theo Mulder sette de FNP-ers fuort op skerp troch de kreet; "de boer is de dokter fan de takomst". Hoesa?

Jierren is de produksje fan ús lânbougrûn foar de eerste wraldkriich opfitere troch it gebrûk fan guano en chilisalpeter. Nei de 2e-wrâldkriich ferfongen troch keunstdong. Dat hat fan gefolgen hân dat it gewaaks sa hurd groeide dat mineralen gehaltes fan it gers, de griente en fruit fuort sakke. Utputting is it gefolch. Om dochs mar oan de fraach te foldwaan wurdt it lân mear en yntensiver bewurke mei monokultuurteelt. It docht bliken dat dat net in tûke wei is. Der kin better in omslach komme fan kwantiteit nei kwaliteit fan produkten.
 
Om de kwaliteit fan de produkten werom te krijen is it gebrûk fan goeie biomassa in ûnderdiel fan de oplossing. Theo Mulder: rin jo neus efternei, wat goed rûkt is ek goed en wat stjonkt lit je links lizze. Altyd al sa west. Dêrom stront mei strie oer it lân ynstee fan ynjekteare fan driuwmest. Mulder Agro set no ek yn op it gebrûk fan Bokashi, in fermentaasjeprodukt fan organysk materiaal. Dit wurdt krek as earder de rûge dong wer oer it lân riden. It boaiemlibben docht it der goed op en kriget fretten. Dêrmei komt de kringloop wer op gong en komme ek de fûgels yn de greide werom. As dan ek wer in krûdenryk gersmingsel siedde wurdt kin de natûr him herstelle.
 
Dat bestjut foar boeren en konsuminten lykwols in grutte omslach. De opbringst sil justjes tebekrinne. De boeren sille harren ynkommen behalde moatte om harren lêsten betelje te kinnen, sadat foar harren produkten mear betelle wurde kin troch de konsumint. Mar dy konsumint kriget der dan ek in sûner produkt mei mear sûne stoffen/mineralen foar werom. De maatskappy profiteert troch op boerelan koolstof te binen en wetter te bergjen.

Dêrmei wurdt de boer de apoteek fan de takomst, want troch riker iten wurde minder minsken siik en dat sparret wer dokter en apotheekkosten. Derom wolle we tûk buorkje mei kwalitatyf sûne produkten. De kreet "boeren voeden de wereld"  slacht dan ek net op de boeren fan Fryslân allinnich, mar op alle boeren fan de hiele wrâld. De FNP stiet folslein efter dizze nije ûntwikkeling ta herstel fan de natûr en produksje fan sûner iten.


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer