Tineke Bosgraaf Kollum List 2 nr 7

Ik bin Tineke, ûndernimster yn Kollum, trout mei Durk Bosgraaf, de taxi-man. Wy ha twa bern en twa lytsbern. Myn hobby’s binne polityk, iten siede en hake foar de ferdivedaasje.

07 Tineke Bosgraaf

Myn ynset foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân is; Omtinken foar de doarpen, foarsjennings moatte bliuwe en/of útwreide wurde. Sa as doarpshúzen, sportfoarsjennings, winkels, âldereinhúzen, bedriuwsterreinen en wenten. Ek de jeugd draach ik in waarm hert ta. Hja moatte harren ûntwikkelje kinne yn eigen omjouwing en sa nedich wenje kinne yn eigen bertedoarp. Fryske taal moat befoardere wurde op de skoallen. Lânskippelik moatte wy hoeden wêze foar grutte yngrepen yn it lânskip en natoer.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer