Aant Jelle Soepboer Nijwier List 2 nr 16

Myn namme is Aant Jelle Soepboer, 29 jier jong en yn it deistich libben bin ik dosint yn it fuortset ûnderwiis, skriuwer en muzikant. De FNP is in partij dy't regionale en provinsjale polityk bedriuwt sûnder in rânstêdlik keurmerk, in partij dy't ferjonging en feroaring omearmet en boppe-al in partij dy't it Frysk heech yn it findel hat, dêr wol ik myn hals wol foar útstekke. https://www.facebook.com/aj.soepboer Ik wol my graach ynsette foar de jongerein, om harren in stim te jaan yn de polityk, ek meitsje ik my sterk foar it behâld fan de doarpskultuer en Frysk yn it ûnderwiis. Tegearre ien!


16 Aant Jelle Soepboer



2019 FNP Fryslân - Disclaimer